Buertbarbekjû fergunningfrij

21 des 2011 - 17:19

Ynwenners fan Súdwest-Fryslân dy't graach in buertbarbekjû of lyts feestje organisearje wolle yn de buert, hoege dêrfoar net langer in fergunning oan te freegjen. Dat stiet yn it nije evenemintebelied fan de gemeente. Dêryn stiet ek dat alle 225 eveneminten dy't no al yn it gebiet plakfine, bliuwe meie.

Der is ek romte foar nije eveneminten bûten de stêden en doarpen, al jout de gemeente net samar in fergunning. It mei allinnich as der amper sprake is fan lûdsoerlest en hinder foar de natuer. Dêrneist moat der in goede ferkearsregeling wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)