Akute help bliuwt mooglik

Minister Schippers fan folkssûnens stiet 'welwillend' tsjinoer it yn stân hâlden fan de akute soarch yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. Binnen in wike lit se witte oft se dêr ekstra jild foar útlûke wol. Betingst is dat de medyske soarch op de ôfdieling fan genôch kwaliteit wêze moat.
Schippers sei dat woansdeitemiddei by it oerlis yn de Twadde Keamer oer de sikehûssoarch. Ferskate fraksjes hiene fragen steld oan de minister oer de berjochten dat de akutehelppost ferdwine moat út Dokkum.