Gjin Italiaansk ôffal nei REC

21 des 2011 - 16:04

Der giet gjin ôffal út Italië nei de REC yn Harns. Dat seit Omrin. It ministearje fan ynfrakstruktuer en miljeu hat woansdei tastimming jûn om twahûnderttûzen ton ôffal út Napels yn Nederlân te ferbrânen. Dat giet net nei Harns, want dêr is de kommende fjouwer jier gjin romte foar.

Boppedat hawwe de oandielhâlders fan Omrin, de Fryske gemeenten, earder al oanjûn dat se tsjin it slepen mei ôffal binne. Yn de REC yn Harns wurdt foar it grutste diel Frysk ôffal ferbrând.

Trefwurden: 
REC ôffal Napels Italië
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)