Hout haadsaaklik nei Skylge

© Kusrwacht
It hout dat tiisdeitemiddei fan in frachtskip ôf sloech, is foar it grutste part oanspield op Skylge. Op it Waad driuwt noch in partij tusken Flylân en Skylge. Dêr binne no boatsjes hinne fan jutters fan Flylân, Skylge en It Amelân. Op Flylân en It Amelân sels is gjin hout oanspield. De jutters dêr ferwachtsje ek dat dat sa bliuwt.
It skip ferlear tiisdei 45 pakketten hout boppe Skylge en letter nochris seis boppe Flylân en twa boppe Teksel. Op Skylge ûntstiene middeis files foar de benzinepompen omdat elk de tank fan jeeps en trekkers fol hawwe woe.
Mei skynwerpers waard de see ôfsocht om te sjen oft der al wat oankaam.