Epke krijt "eigen" turnhal

Goud!! © ANP
Sportstêd Hearrenfean sil de turnhal ferneame nei turner Epke Zonderland. Zonderland wûn as earste Nederlanner ea in gouden turnmedalje op de Olympyske Spelen. Yn syn oefening die hy ûnder oare in Cassina-Kovacs-Kolman-kombinaasje. Zonderland wie op dat stuit de iennige turner dy't in trijefâldich elemint yn in wedstriid dien hat.
Yn de turnhal op It Hearrenfean lei Epke Zonderland de basis foar syn sportive prestaasjes en dêrom wurdt de hal no de "Epke Zonderland turnhal".