Krimp yn Fryslân it grutst

25 apr 2013 - 14:15

De krimp fan de ekonomy wie foarich jier yn Nederlân nearne sa grut as yn Fryslân. Dat meldt it Centraal Buro voor de Statistiek. De Fryske ekonomy kromp yn 2012 mei 1,5%, tsjin in lanlik gemiddelde fan 1%. De weromgong wurdt foaral taskreaun oan it grutte tal boubedriuwen dat fallyt gie. Ek Oerisel en Drinte lieten in krimp yn de ekonomy sjen.

De iennichste provinsje dy't oer it ôfrûne jier noch wat groei sjen liet wie Seelân, sa skriuwt it CBS.

Trefwurden: 
krimp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)