Team Liga bliuwt bestean

25 apr 2013 - 14:05

Reedrydsters Thijsje Oenema en Margo Boer hawwe in nije sponsor en in nije trainer. Se rieden it ôfrûne seizoen by Team Liga, mar it wie ûnwis oft de ploech trochgean koe. No binne der twa nije sponsors by kommen en is it fuortbestean fersekere. It giet om de bedriuwen Continu en FlevOnice.

As trainer is Gianni Romme oan de stêf taheakke, hy wie de lêste trije jier coach fan de Italiaanske riders, mar woe graach wat oars. De oare leden fan it team binne de Friezinnen Janine Smit, Mayon Kuipers en Yvonne Nauta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)