Skûtsjes sile bûten provinsje

Yn maaie wurdt der foar it earst in skûtsjesylwedstriid bûten Fryslân hâlden. Op 18 maaie stride njoggen skûtsjes op de Iselmar by Enkhuzen. De wedstriid wurdt organisearre troch de SKS en it Suderseemuseum. Publyk kin de wedstriid folgje fan spesjale boaten ôf of op de seedyk flakby it museum.
Oft de wedstriid in ferfolch krije sil hinget ôf fan de publike belangstelling en de animo fan de skûtsjes.