Jan Ploeg bliid mei NUON-jild

Ald-deputearre Jan Ploeg is bliid mei it beslút fan provinsjale steaten om 300 miljoen euro frij te meitsjen foar ynvestearrings yn de provinsje. Oer de fierdere bestimming moat nochris goed neitocht wurde fynt hy.
It idee om sawat 500 miljoen frij te meitsjen om in tal ynfrastrukturele projekten earder ôf te lossen, sa as bygelyks de Sintrale As sprekt him net sa oan.