Mear amtners Sm'lân melde har

25 apr 2013 - 11:20

Der hawwe har sûnt it nijs oer de eangstkultuer op it gemeentehûs fan Smellingerlân mear as tsien amtners en âld-amtners melden dy't har it slachtoffer fiele fan yntimidaasje. De minsken ha har ûnder oare melden by de groep dy't der ferline wike mei nei bûten kaam. De minsken fiele har net feilich genôch om de problemen oan te kaarten by de top fan it amtlik apparaat op it gemeentehûs.

It giet no yntusken om sa'n 35 amtners en âld-amtners. De gemeente Smellingerlân lit in ekstern buro ûndersyk dwaan nei de wurksfear.

Trefwurden: 
ûndersyk eangstkultuer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)