Museumdepot moat duorsum wurde

25 apr 2013 - 11:14

It nij te bouwen Kolleksjesintrum Fryslân moat it meast duorsume en ynnovative depot fan Nederlân wurde mei dêryn de bêste wurken fan it Fries Museum, Fries Landbouwmuseum, Fries Scheepvaartmuseum, Natuurmuseum Fryslân en Tresoar. Dat seit deputearre Jannewietske de Vries. Foaral de klimaatbehearsking moat fan in unyk nivo wurde. De provinsje stelt 7,4 miljoen euro beskikber foar de bou en it ûnderhâld foar 10 jier.

Nijbou is goedkeaper as ferbou fan besteande gebouwen. De musea en Tresoar wurde ferantwurdlik foar de eksploitaasje.

Deputearre De Vries hopet dat de stichting Kanselarij ek jild ynleit, mocht it ta ferkeap fan de âlde Fries Museumgebouwen oan de Twibaksmerk komme. Yn 2015 moat it nije Kolleksjesintrum earne yn Ljouwert klear wêze.

Trefwurden: 
depot musea kolleksjesintrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)