Twa stroomsteurings

Heechspanningskabels © Omrop Fryslân
Fryslân is woansdeitemoarn troffen troch twa stroomsteurings. Yn Munnikebuorren en Skerpenseel sieten fjouwerhûndert húshâldings sûnder stroom. De steuring begûn om kertier oer alven. Guon húshâldings binne no alwer oansletten. Yn Skearnegoutum, Reahûs, Lytsewierrum en Goaiïngea sieten de minsken fan 'e moarn ek in skoft sûnder stroom. Dêr is de stroomfoarsjenning alwer foar elkoar.
Oer de oarsaak fan de steurings koe netwurkbehearder Liander noch neat sizze.