Ynbraak yn twa huzen Droegeham

21 des 2011 - 12:38

By twa huzen yn Droegeham is tiisdeitejûn ynbrutsen. Yn beide gefallen naam de dieder sieraden en jild mei. By in hûs oan de Ikkersreed koe de dieder derynkomme troch in sliepkeamerrút, by in hûs oan de Sânkop waard in keukenrút iepenbrutsen.

Beide bewenners hawwe yntusken oanjefte dien. De plysje is dwaande mei ûndersyk.

Trefwurden: 
ynbraak stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)