Beswieren tsjin Julia ôfwiisd

21 des 2011 - 11:54

De beswieren fan omwenners tsjin de oanlis fan parkearplakken by sport- en ôfslankynstitút Julia op 'e Harkema binne troch de Ried fan Steat ôfwiisd. Earder die de rjochtbank dat ek al. Omdat de omwenners it dêr net mei iens wiene, stapten se nei de steatsried.

De bewenners sizze dat der ûnder oare gjin romte is foar de parkearplakken. Neffens de Ried fan Steat is dy romte der wol. De bewenners hawwe gjin beswier tsjin it sportynstitút sels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)