Nei it sikehûs nei foljen tank

21 des 2011 - 10:27

Twa plysjes hawwe tiisdei sûnensklachten oprûn by in bedriuw op yndustryterrein Kanaal op It Hearrenfean. Doe't dêr in tankauto fold waard mei ôffalwetter en brânstofresten kaam der damp frij. Dat soarge op It Hearrenfean foar klachten oer in gaslucht. Plysje en brânwacht fûnen út dat dy fan it bediuweterrein kaam.

By it ûndersyk rekken de twa plysjeminsken ferwûne. Se binne sels nei it sikehûs gien, ien moast dêr fannacht bliuwe. Neffens de brânwacht hat der foar de ynwenners fan It Hearrenfean gjin gefaar west.

Trefwurden: 
sûnensklacht tankauto
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)