Man midden op dyk oanriden

21 des 2011 - 10:04

Op de Ryksstrjitwei tusken Quatrebras en Hurdegaryp is tiisdeitenacht in 37-jierrige man oanriden. Hy rûn flak foar de ôfslach Feanwâldsterwâl midden op de wei. In 40-jierrige automobilist út Surhústerfean moast bot foar him remje en rekke yn in slip. Dêrby rekke er de man mei de sydkant fan de auto.

De man is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket de saak. De wei hat in skoftsje ôfset west.

Trefwurden: 
oanriding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)