Topjier foar natuermuseum

21 des 2011 - 06:43

It natuermuseum yn Ljouwert hat in geweldich jier draaid. Hast 80.000 minsken kamen nei it museum en dat is in absolút rekôr yn it 90-jierrich bestean. It museum is dêrmei it bêst besochte museum fan Fryslân. Behalve it rekôr oantal besikers wiene der noch mear rekôrs. Sa kamen dit jier op ien dei mear as 3.000 minsken nei it museum en ek dat wie noch nea earder foarkommen. De dino-eksposysje wie de grutste klapper yn 2011.

It museum hat ek takom jier wer in soad spesjale aktiviteiten op it programma stean, want dan wurdt fierd dat it museum 25 jier op it Schoenmakersperk sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)