Jeugd keapet noch maklik drank

20 des 2011 - 22:32

Yn twa fan de trije gefallen kin in Ljouwerter jongere ûnder de 16 jier noch drank keapje yn supermerk, kafee, sliterij of sportkantine yn de stêd. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it Nederlânsk Ynstitút foar Alkoholbelied. Dochs is dat in better resultaat as yn 2010. Doe hold mar 11% fan de Ljouwerter winkellju en kafeehâlders him oan de leeftydsregels foar drankferkeap. Dit jier leit dat persintaazje op 34%.

Mei-elkoar hat it Nederlânsk Ynstitút foar Alkoholbelied by 125 adressen yn de stêd del west. Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert is bliid, mar noch net tefreden.

Trefwurden: 
jongeren drankferkeap
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)