Fergees parkeare yn Dokkum

20 des 2011 - 20:39

Tusken krysttiid en âld en nij kinne autobesitters yn Dokkum fergees parkeare. Alle parkearmeters wurde ôfsletten mei in kape om se te beskermjen tsjin fernieling troch fjoerwurk. De gemeente rint dan wol parkearjild mis, mar hat besifere dat dat úteinlik foardieliger is as fernielde meters te ferfangen. Fan 2 jannewaris ôf moat der wer gewoan betelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)