Miljeuclub wol plestik ophelje

© SXC
De gemeente Opsterlân stiet Miljeudefinsje Opsterlân en Natoerferiening De Gerdyk net ta om plestik smoargens op te heljen. De twa inisjatyfnimmers wolle foar dit doel in feriening oprjochtsje dêr't minsken lid fan wurde kinne. De gemeente hat oant ein 2012 in kontrakt mei Omrin foar it opheljen en ferwurkjen fan húshâldlik plestik ôffal en stiet oare partijen net ta om dit te dwaan. Miljeudefinsje en de natoerferiening hawwe earder mei in burgerinisjatyf besocht om it plestik ôffal yn Opsterlân op te heljen. In mearderheid fan de ried wie hjir op tsjin.