'Liet' op Befrijingsfestival

20 des 2011 - 11:51

De finale fan it Fryske sjongfestival Liet is takom jier op it Befrijingsfestival yn Ljouwert. De bestjoeren fan beide organisaasjes sjogge yn de gearwurking in ferriking fan harren eigen evenemint.

Mei yngong fan dizze wike kinne muzikanten harren mei in selsskreaun nûmer yn it Frysk of in Fryske streektaal oanmelde by de Stifting Liet. Dat kin oant 1 febrewaris. Ut de oanmeldings makket de sjuery in foarseleksje. Yn de foarrondes is romte foar 22 akts. De winner fan Liet docht yn novimber takom jier mei oan de finale fan Liet Ynternasjonaal yn Spanje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)