Plan foar ekstra seal De Klink

Mienskipssintrum De Klink yn Koudum hat in nij plan foar útwreiding fan it besteande gebou. Der is al jierrenlang te min romte. Dêrom wol De Klink in nije seal derby bouwe. De plannen binne moandei oan de gemeente Súdwest-Fryslân presintearre .
De nije, ekstra seal moat in lytse njoggen ton kostje. De Klink hopet dat de gemeente de helte dêrfan op it kleed leit. De rest moat komme fan fûnsen, de provinsje en fan De Klink sels troch in soad wurk sels te dwaan.