Nije parkeargaraazje al skea

20 des 2011 - 10:03

De nije parkeargaraazje Boschplein yn Snits is noch mar in pear dagen iepen, of der is al grutte skea oan de flier ûntstien troch racerij. Op sneon giene de stekken iepen troch in brânmelding. Se woene dêrnei net mear ticht troch in steuring yn kompjûtersysteem. Nei alle gedachten binne de dieders der doe ynkaam.

De garaazje is ôfrûne tongersdei iepengien. Der hat racerij west en sa is de coating fan de noch kwestsbere grûn stikkengien. Der binne swiere remspoaren.

Trefwurden: 
parkeargaraazje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)