Protest besunigings finzenis

45 personielsleden fan de finzenis yn Ljouwert fiere tongersdei yn Den Haach mei tûzenen kollega's aksje tsjin de besunigings op it finzeniswêzen.
Steatssiktaris Teeven fan justysje wol in tal finzenissen slute en it rezjym yn oare festigings fersoberje. Sa komme der mear detinearden op ien sel en meie se aanst ek net mear wurkje. It personiel is it dêr net mei iens. Dat fynt it in goed ding om de detinearden arbeidsetos bij te bringen en derfoar te soargjen dat detinearden de kâns krije in nij fak te learen.