"Klaverblêd It Fean knyppunt"

File © Omrop Fryslân
Om de ekonomyske groei fan It Hearrenfean mooglik te meitsjen, moat it klaverblêd by It Fean romte jaan oan de groei fan it ferkear. Dat seit de steatefraksje fan it CDA. De partij wiist op de komst fan twa nije fabriken nei It Hearrenfean. Dat soarget foar in groei fan de wurkgelegenheid en ek foar mear ferkear.
Neffens it CDA is it klaverblêd by It Hearrenfean dêr no net op berekkene. De partij sil it Kolleezje fan Deputearre Steaten kritysk folgje om te sjen oft dat wol genôch oandacht hat foar de oanpak fan it klaverblêd.