Akkoart mei De Friese Meren

De Fryske Marren
De Twadde Keamer is akkoart gien mei de weryndieling fan Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân. Mei yngong fan 2014 geane de gemeenten op yn de fúzjegemeente De Friese Meren. De doarpen Haskerdiken en Nijbrêge geane net mei nei de nije gemeente. Sy falle tenei ûnder de gemeente It Hearrenfean. Neffens guon partijen yn de Twadde Keamer is derby te min rekken hâlden mei wat de bewenners fan beide doarpen sels wolle. In amendemint fan de Christenunie en de SP om Haskerdiken en Nijbrêge by De Friese Meren te hâlden helle it net.