Unkrûd te liif mei hyt wetter

19 des 2011 - 21:24

It ûnkrûd yn Ljouwert wurdt takom jier bestriden mei hyt wetter. Dat hat de gemeenteried moandeitejun besletten. No wurdt dat noch dien mei boarstels. Under oare de VVD woe mei fergif spuitsje, om't de strjitten der oars fertutearze by komme te lizzen.

It brûken fan it fergif glyfosaat dat de VVD wol, wurdt skielk ferbean. Dêrom wol in mearderheid fan de ried leaver túch bestride mei it miljeufreonlikere hyt wetter. Neffens wethâlder Diks is dat in goede metoade en bliuwe de strjitten dan ek túchfrij.

Trefwurden: 
Ljouwert wetter ûnkrûd hyt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)