Jong Hearrenfean út beker

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong Hearrenfean/Emmen hat moandeitejûn de bekerwedstriid yn de kwartfinale mei 5-2 ferlern fan Jong Ajax. Op it keunstgers fan De Toekomst yn Amsterdam sette Kenny Otigba de Feansters op foarsprong.
Nei it skoft (0-1) krige Hakim Ziyech de reade kaart nei twa kear giel en spile Ajax de man mear goed út. Jong Ajax kaam gau op 2-1, mar Otigba brocht mei syn twadde goal de spanning werom. Dêrnei makke Ajax dien wurk troch doelpunten fan Serero, Lukoki en Boere.