Plan befrijingsdei falt goed

24 apr 2013 - 11:27

De provinsje tinkt posityf oer de fiering fan in Fryske befrijingsdei op 15 april 2015. Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma fynt lykwols net dat de provinsje sels dêrta it inisjatyf nimme moat. Fraksjefoarsitter Annigje Toering fan de FNP hat woansdei fragen steld oer hoe't de provinsje tinkt oer it fieren fan sa'n dei. De partij wol krekt as it Fersetsmuseum, it Kazemattemuseum en pleatslike betinkingskomitees de dei sintraler fiere dat Fryslân befrijd waard. Yn 2015 soe de earste kear wêze, dan is it 70 jier lyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)