Man pakt foar mishanneling
In 45-jierrige Ljouwerter is tiisdeitejûn oanhâlden foar mishanneling. De plysje hâlde him oan op De Weaze. Hy wurdt derfan fertocht dat er in man (39) út Grou slein hat. De Ljouwerter wie dwers by de oanhâlding, sa bedrige en beflibe er de plysje in pear kear. De man is ynsletten.