Mear toerisme yn NE-Fryslân

© Google Streetview
In bettere ynformaasje foar toeristen, mear produktûntwikkeling en promoasje fan Noardeast Fryslân. Yn de gemeente Dongeradiel is in ûndersyk start om it toerisme yn it gebiet better op de kaart te setten. Doel is ek om de jildstreamen fan de ferskate organisaasjes safolle mooglik te bondeljen. De kommende moannen wurdt praat mei rekreaasje-ûndernimmers yn Noardeast Fryslân. Wa't meidwaan wol yn it ûndersyk, kin him melde by de gemeente.