Ljouwert: 10 miljoen yn iishal

23 apr 2013 - 21:18

De gemeente Ljouwert stekt ek 10 miljoen euro yn de nije iishal fan Ljouwert. Dat is tiisdei troch b. en w. fan Ljouwert bekendmakke. Begjin maart stimden provinsjale steaten ek al yn mei in bydrage fan 10 miljoen euro. De Elfstedenhal soe yn earste ynstânsje 25 miljoen euro kostje, mar troch earst allinnich de hal te bouwen en alle râneferskynsels net mei te nimmen kin it 5 miljoen goedkeaper. Dat betsjut dat de eksploitaasje fan de hal rûn is.

Yn septimber falt it definitive riedsbeslút. De gemeente hopet dan dat de iishal foar 1 jannewaris 2015 klear is.

Trefwurden: 
iishal Elfstedenhal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)