Direksje Prins hat gjin begryp

23 apr 2013 - 15:28

De wurknimmers fan Prins Dokkum hoege gjin inkel sosjaal plan fan de direksje mear te ferwachtsjen. Direkteur Herman Odijk fielt neat mear foar in finansjele kompensaasje no't de wurknimmers en fakbûnen juridyske stappen tsjin it oankundige ûntslach ûndernaam ha. Hy kin gjin inkel begryp opbringe foar nije aksjes, om't it bedriuw sûnt jannewaris al sa'n 700.000 euro ferlies makke hawwe soe.

It personiel is teloarsteld troch de reaksje fan de Prins-direksje mar hâldt de doar wol iepen foar fierdere ûnderhannelings.

Neffens foarsitter Herman de Hoop fan de ûndernimmingsried fan Prins sille de stakingsaksjes trochset wurde, omdat prinsipes op dit stuit wichtiger binne as jild allinne.

Trefwurden: 
Prins Dokkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)