Appeltsje foar ferpleechhûs

23 apr 2013 - 14:25

It projekt 'Gluren bij de Buren' fan de Stichting ZuidOostZorg yn Easterwâlde hat ien fan de trije Appeltjes fan Oranje wûn. De stifting krijt it Appeltje op 16 maaie op Paleis Noordeinde út hannen fan kening Willem-Alexander en keninginne Maxima.

Foar 'Gluren bij de Buren' ûndernimme de bewenners fan ferpleechhûs Stellinghaven yn Easterwâlde en basisskoalle Tussen de Singels alle wiken aktiviteiten mei-inoar.

In bewenster fan it ferpleechhûs is bygelyks lêsbeppe foar bern dy't ekstra taalbegelieding nedich hawwe. De priis bestiet út in brûnzen byldsje en in jildbedrach fan fyftjintûzen euro. De Appeltjes fan Oranje wurde alle jierren takend oan sosjale inisjatieven dy't mei sukses groepen minsken mei-inoar ferbine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)