FNP wol stipe befrijingsdei

De FNP wol dat der provinsjale stipe komt foar it fieren fan de Fryske befrijingsdei, op 15 april. Oer twa jier moat de Fryske befrijingsdei dan foar it earst provinsjaal betocht wurde. Dêrnei moat it in fêst plak op de kalinder krije.
Underoaren it Frysk fersetsmuseum, it Kazemattemuseum en in pear pleatslike betinkingskomitees hawwe har earder al útsprutsen foar it fieren fan befrijingsdei op 15 april, njonken de besteande lanlike betinking. Op 15 april 1945 waard Fryslân offisjeel befrijd fan de Dútske oerhearsking.
De FNP sil woansdei yn provinsjale steaten fragen stelle oer it ûnderwerp.