Filip Djuricic blessearre

Filip Djuricic © awfoto.nl
Filip Djuricic moat de thúswedstriid fan takom freed tsjin AZ oan him foarby gean litte. De Serviër rekke yn de útwedstriid tsjin Ajax blessearre oan syn hamstring en waard nei in heal oere nei de kant helle. Nei ûndersyk yn it sikehûs hat bliken dien dat de wedstriid tsjin AZ te betiid komt foar Djuricic.
"Er is gelukkig slechts sprake van een kleine ruptuur," sa seit fysioterapeut Erik ten Voorde. "Het is helder dat Filip AZ niet haalt. Het zou zelfs kunnen dat hij twee duels moet toekijken."