Fryske tsjotters nei Frankryk

23 apr 2013 - 11:11

De Stichting Friese Tjottervloot sil mei syn float fan tsien tsjotters en in Frysk jacht de Fryske wettersport promoatsje yn Frankryk. De boaten ferlitte Nederlân foar it earst om takom moanne mei te dwaan oan in maritym festival yn Súd-Bretagne. Fan seis oant tolve maaie dogge dêr 1100 grutte en lytse skippen oan mei.

De tsjotters wurde yn Heech op in djiplader setten en dêrnei nei Frankryk ferfierd. De boaten sile foar it earst ek op sâlt wetter. In oantal tsjotters is hast 90 jier âld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)