Frisse Wind wer nei de ried

Jennifer Steevensz © Omrop Fryslân
De fraksje fan Frisse Wind komt yn septimber werom yn de ried fan Harns om oer de takomst fan de gemeente te stimmen. Dat seit Bauke van der Pol, ien fan de trije leden fan de fraksje, dy sûnt ferline jier septimber de riedsgearkomsten boycot. De krekte reden is net bekend makke, mar it hat te krijen mei in ûndersyk oer de ôffaloven.
Neffes Van der Pol hat de fraksje noch gjin stânpunt ynnaam oer wol of net fusearje mei de oare gemeenten en hy kin ek noch net sizze oft de fraksje wer fan de partij is op de riedsgearkomsten nei septimber.
Hy wol ek noch net bekend meitsje oft Frisse Wind oan de ferkiezingen yn 2014 meidocht.