'Enkête jout ferkeard byld'

23 apr 2013 - 06:52

De plysje Noard-Nederlân set fraachtekens by de útkomsten fan it ûndersyk fan it plysjebûn ACP. Dêrút komt nei foaren dat plysjes der gjin fertrouwen yn hawwe dat de lieding leard hat fan de Facebookrellen yn Haren.

Neffens in wurdfierder fan de plysje Noard-Nederlân is it ûndersyk fan it plysjefakbûn net represintatyf. Fan de goed fjouwertûzen plysjes yn it Noarden, soene der mar dik 70 meidien hawwe oan de enkête fan 'e ACP. Dat jout in ûnbetrouwber byld, seit de wurdfierder fan de plysje-ienheid Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
plysje enkête ACP
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)