Buertlabel VVN foar De Hoeve

De Hoeve plaknammeboerd
It doarp De Hoeve yn Weststellingwerf hat as earste yn Fryslân in Buertlabel fan Veilig Verkeer Nederland krigen. It waard moandeitejûn útrikt nei ôfrin fan de ledegearkomste fan pleatslik belang.
It label jout oan dat de doarpsbewenners harren bot ynset hawwe om it doarp ferkearsfeilich te krijen. Sa hawwe se ûnder oare aksjes hâlden om it te hurd riden yn it doarp tsjin te gean. It Buertlabel hat de foarm fan in ferkearsboerd.