Ried foar ûndersyk gemeentehûs

22 apr 2013 - 22:07

In mearderheid fan de gemeenteried fan Smellingerlân hat moandeitejûn ynstimd mei in ûndersyk nei de kultuer op it gemeentehûs. De ried docht dat op foarstel fan boargemaster en wethâlders. Dy wolle it ûndersyk nei berjochten fan Omrop Fryslân dat in groep meiwurkers fan de gemeente him yntimidearre fielt en dêr net oer doart te kleien.

It kolleezje wol noch dizze wike in ekstern buro opdracht jaan foar it ûndersyk. Meiwurkers moatte dêrby anonym harren ferhaal dwaan kinne. De politike partijen en de ûndernimmingsried wurde derby belutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)