Cambuur wint mei 3-1 fan Emmen

22 apr 2013 - 21:49

Sportklup Cambuur bliuwt yn de race foar it kampioenskip. De ploech wûn moandei de útwedstriid tsjin Emmen mei 3-1. De skoare waard iepene troch de thúsploech, mar amper in minút letter wie it Michiel Hemmen dy't de lykmakker foar Cambuur skoarde.

Nei rêst wie it Martijn Barto dy't it twadde doelpunt foar Cambuur makke. Barto spile ek in wichtige rol by it lêste doelpunt, hy soarge mei in foarset dat Michiel Hemmen de 1-3 skoare koe. Kommende freed spilet Cambuur wer tsjin Emmen, mar dan yn Ljouwert.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur Emmen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)