Kuiper foarsitter CDA Fryslân

22 apr 2013 - 20:10

Ald-boargemaster Bert Kuiper is beneamd ta foarsitter fan it CDA Fryslân. Hy folget Douwe Tamminga op, dy't sûnt 2008 foarsitter wie. Tamminga waard doe beneamd neidat it folsleine bestjoer opstapte omdat it yn in rapport in soad krityk krige. Bert Kuiper wie mear as tweintich jier boargemaster fan Skarsterlân. Hy waard moandeitejûn beneamd by de algemiene ledegearkomste fan it CDA Fryslân.

(advertinsje)