Rûzje yn muzykkorpswrâld

19 des 2011 - 17:05

Der is dalje yn de wrâld fan de Keninklike Nederlânske Federaasje fan Muzykferienings. It lanlik bestjoer fan de KNFM is it ôfrûne wykein opstapt. Se krije fan de leden net genôch stipe foar it skorsen fan de Fryske bestjoersleden, yn oktober. It lanlik bestjoer fan de Keninklike Nederlânske Federaasje fan Muzykferienings wol net dat de Fryske tak, mei 65 oansletten korpsen, de lapen gearsmyt mei it Bûn fan Kristlike Muzykbûnen yn Fryslân. Der komt dan mei yngong fan 1 jannewaris 2012 in nije Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân, it OMF.

De foarsitter fan de Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân (OMF) sil Durk Dam wurde. Hy is no noch de foaroanman fan de Kristlike Muzykferienings.

Trefwurden: 
muzyk korps Dam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)