Wurkstraf bedriger fan amtners

22 apr 2013 - 14:51

De 57-jierrige man dy't foar de rjochter komme moast foar it bedrigen fan amtners fan de gemeente Smellingerlân is feroardiele ta 240 oeren wurkstraf. Neffens de rjochter hat de fertochte ferskate amtners mei de dea bedrige om't se syn frou min behannele hawwe soene. Sy wurke doe foar de gemeente Smellingerlân, mar sit siik thús.

Trochdat de fertochte wapens yn hûs hie, is de straf foar de bedrigings heger útfallen as oars. 240 oeren is de heechst mooglike wurkstraf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)