Ryk stipet Fryske ynstânsjes

Tryater, de Fryske Akademy en de stúdzje Frysk oan de Rykuniversiteit Grins kinne wer fiif jier foarút. Yn de nije bestjoersôfspraken Frysk prate provinsje en ryk ôf dat it ryk yn alle gefallen oant en mei 2018 finansjeel bydraacht oan de trije ynstânsjes. Benammen Tryater en de stúdzje Frysk stiene de lêste tiid bot ûnder druk.
Minister Plasterk dy't it ûndertekene, fynt it wichtich dat Frysk ûnderwiis op alle nivo's kwalitatyf goed is. De RUG kriget 120.000 euro jiers foar de basis en masterstúdzje Frysk en meartaligens.
Jannewietske de Vries is bliid dat mei it nije akkoart de saken regele binne foar de kommende jierren.