Mingde reaksjes oer Thialf

22 apr 2013 - 12:15

Provinsjale steaten tinke ûngelyk oer it berjocht fan deputearre Konst dat de bou fan Thialf 25 miljoen euro goedkeaper útfalt en dat de mooglike topsportstatus dêrtroch net yn gefaar komt. Der binne op dit stuit trije stêden yn de race foar dy status: It Hearrenfean, Almere en Zoetermeer.

De KNSB en NOC*NSF wize op 28 maaie de topsportlokaasje oan. It berjocht dat de bou net 106, mar goed 80 miljoen euro kostet, kin dêrop fan ynfloed wêze. Foar guon steateleden kaam it nijs as in ferrassing en oaren hienen it wol tocht.

Benammen de fraksjes fan GrienLinks en de PVV hawwe krityk op de wurkwize fan deputearre Konst. De koälysjepartijen hawwe wol betrouwen yn Konst. Se tinke dat it bedrach fan 80 miljoen realistysk is. Neffens PvdA-fraksjefoarsitter Jornt Ozenga kin it goedkeaper troch in soberder oanpak en fanwege de krisis yn de bou. It punt stiet yn juny op de aginda fan deputearre steaten.

Trefwurden: 
Provinsjale Steaten Thialf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)