Wetboek foar Van Baalen

22 apr 2013 - 11:00

Learlingen fan it Dockingakolleezje yn Dokkum hawwe moandeitemoarn in selsmakke wetboek oerlange oan Europarlementariër Hans van Baalen. Yn it wetboek stean útstellen foar nije Europeeske wetten dy't de learlingen betocht hawwe. Sa wolle se dat der mear strjitferljochting komt en dat minsken yn de stêd ferplichte les krije oer it plattelân. Dat lêste útstel koe rekkenje op stipe van Van Baalen en hy hat tasein der mei oan de slach te gean.

Van Baalen wie al foar de tredde kear op it Dockingakolleezje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)