Aris pakt 2e winst op Zwolle

21 apr 2013 - 17:57

De basketballers fan Aris Ljouwert ha snein de twadde wedstriid yn de play-offs mei 76-67 wûn fan Landstede Zwolle. Yn Zwolle hie de thúsploech de bêste start en rûn nei it earste kwart út nei 18-11. Foar it skoft fjochte Aris him werom yn de wedstriid, wat resultearre yn in rêststân fan 33-30 yn it foardiel fan de Ljouwerters.

Nei rêst rûn Aris fierder út nei 49-35 en like it in útmakke saak. De thúsploech brocht de spanning lykwols werom nei in knappe ynhelrace, mar fierder as fjouwer punten ferskil liet Aris de Zwollenaren net komme.

It is de twadde oerwinning fan Aris op Landstede Zwolle yn de kwartfinale yn de play-offs. It earste duel yn de eigen sporthal It Kealledykje waard tongersdei wûn mei 73-67. Aris moat no noch ien wedstriid yn de bêste fan fiif winne om troch te gean nei de heale finale om it Nederlânsk kampioenskip. Dat kin tiisdeitejûn yn sporthal It Kealledykje.

Trefwurden: 
Aris basketbal play-offs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)