Utblust SWS ferliest mei 4-0

It al degradearre Snits Wyt Swart Boso Snits hat snein mei 4-0 ferlern fan Hollandia. Op eigen fjild kamen de Snitsers nei 13 minuten op efterstân, doe't Brian-Paul Tesselaar de gasten út Hoorn op 1-0 sette. Dizze stân bleau oant en mei de rêst op it boerd stean.
Nei it skoft wreide Hollandia de foarsprong yn de 68e minút fierder út nei 2-0. Dêrmei wie it ferset fan de Snitsers definityf brutsen. Mei noch in kertier op 'e klok tekenen de gasten út Hoorn foar de 4-0 oerwinning.